Tagelikertiid wolle se sa de eigen streek moaier meitsje mei mear bioferskaat. Melkfeehâlder Hans Kroodsma fan Jannum wie ien fan de minsken dy’t de priis yn ûntfangst nimme mocht. Kroodsma is foarsitter fan it kollektyf Waadrâne fan boeren dy’t har ynsette foar de greidefûgels en de ynsektestân.
Minder faak meane
“Je moatte eins wat rûger buorkje”, seit Kroodsma oer syn oanpak. “As je wat minder faak meane en sa út en troch in hoekje stean litte, krije de ynsekten mear kâns. It buorkjen wurdt der eins allinnich mar makliker fan.”
Kroodsma sil de kommende tiid oerskeakelje op biologyske melkfeehâlderij. It moaie fan Twirre is dat it in inisjatyf is fan boeren én boargers, want ek dy lêste kategory kin it nedige dwaan troch bygelyks tegels út de tún te skuorren en it gersfjild wat minder faak te meanen.
“As je mei-inoar lytse stapkes sette en in oar dêroer ynformearje, dan kinne je in hiel ein komme”, seit Kroodsma. “Hjir yn de streek dogge allinnich al sa’n 150 boeren mei en dat wurde der allinnich mar mear.”