It giet om lytse stapkes, seit Anke Bijlsma, dy’t ien grutte mooglik meitsje. “Do moatst Twirre sjen as in goed dieet. As je it te rap dogge, ha je it gewicht gau werom. Dogge je it mei lytse stapkes dan wurket it folle better. Want dat is foar eltsenien ek wer in stik makliker om te dwaan.” It is benammen net de bedoeling om minsken te twingen mei te dwaan: “Nee, perfoarst net. Wy wolle dat minsken inoar ynspirearje.”
It doel is dat út alle lagen wei ideeën komme. “Boeren, oare ûndernimmers, betink it mar. It wurdt allinnich mar better as we it mei inoar dogge”, seit Bijlsma.
Hans Kroodsma is feehâlder. Hy docht ek mei oan de wurkgroep. Sels hat hy lâns syn lân in blommerâne oanlein. Dat is goed foar de ynsekten en ek foar de greidefûgels: “Minsken dy’t der by del fytse, fine it ek moai om te sjen. Dat jout dan wer in hiel goed gefoel.”
Op 13 maart is in ynspiraasjegearkomste fan wurkgroep Twirre yn de Teätertsjerke yn Nes.